Duorsume wenwyk De Lemmer

15 mrt 2011 - 21:23

De Lemster wenwyk Tramdijk-oost krijt gjin gaslieding. Alle huzen krije in waarmtepomp dy't waarm en kâld wetter út de ierde oppompt. Dêrmei kinne de huzen ferwaarme, mar ek kuolle wurde. Op in soad dakken sille ek sinnekollektoaren set wurde. De gemeente hat foar de sunige waarmtefoarsjenning fan de 300 wenten in oerienkomst sletten mei it bedriuw Wolter en Dros, dat leveret oan de partikulieren, ûntwikkelers en korporaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)