Wizen: 13 gemeenten is genôch

15 mrt 2011 - 16:22

Der soenen yn Fryslân op termyn mar 13 fan de 27 gemeenten oerbliuwe moatte. Dat skriuwt de kommisje fan wizen, dy't yn opdracht fan 'e provinsje in advys makke hat oer de weryndieling.

Yn de fyzje fan de kommisje komt der in ein oan de gearwurking fan de Middelseegemeenten. De beide Stellingwerven soenen fuseare moatte, en de fjouwer gemeenten yn Noardeast- Fryslân (Kollumerlân, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Dongeradiel) soene ek fusearje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)