Easterwâlde: gjin karreepleats

Eaststellingwerf wol net meiwurkje oan de bou fan 25 lúkse senioarewenten yn buertskip Jardinga by Easterwâlde.
De inisjatyfnimmers woene dêr in karreepleats bouwe; in pleats mei in binnenterrein lykas yn Limboarch in soad steane. De gemeente fynt dat it lânskip tefolle oantaast wurdt mei de bou fan de pleats. Ek fynt de gemeente dat op oare plakken yn Easterwâlde wol romte is dy't mear geskikt is foar de bou fan senioarewenten. De gemeente sil mei de plannemakkers om tafel.