Asbestbedriuw: lest fan regels

15 mrt 2011 - 14:37

Bedriuwen dy't mei asbest wurkje krije hieltyd mear lêst fan 'e regeljouwing. Dat seit Van den Akker Asbest út Nijeholtwâlde. Der komme mear miljeu- en feilichheidsregels en benammen foar it personiel is dat lestich.

Ien kear yn de trije jier moatte alle wurknimmers op kursus, mar fanwege de strangere regels is it dreech om dy kursus mei goed gefolch ôf te sluten. By Van den Akker fine se it dêrom better om de wurknimmers elts jier op kursus gean te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)