Deaslach foar oanriding

15 mrt 2011 - 14:10

De man dy't fêstsit yn ferbân mei it deadlike ûngelok fan freed yn de Esdoarnstrjitte yn Ljouwert wurdt fertocht fan deaslach. Dat hat it iepenbier ministearje bekend makke.

By it ûngelok kaam in man (56) út Ljouwert om it libben. De man wurke by fersekeringsmaatskippij Aegon. De personielsferiening dêr is fan doel om tongersdei in stille tocht te hâlden. Sportklup Cambuur stiet dit wykein ek stil by it ûngelok. It slachtoffer en syn famylje wiene trouwe supporters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)