Oerfal op juwelier Nijstêd

15 mrt 2011 - 10:54

Tiisdei om healwei alven hat der in oerfal west op in juwelierssaak oan de Nijstêd yn Ljouwert. Twa ûnbekenden kamen de winkel yn en bedrigen in meiwurker mei in pistoal. It is op dit stuit noch ûndúdlik oft se jild of juwielen meikrigen hawwe en oft der ek klanten yn de saak wiene. De beide dieders naaiden út op in scooter.

De plysje sette fuortendaliks in Burgernetaksje op. Dêrby waarden minsken oproppen nei de dieders út te sjen, mar foaral net sels yn te gripen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)