Wol keninginnemerk yn Damwâld

15 mrt 2011 - 10:37

De keninginnemerk yn Damwâld giet dit jier dochs troch. Dat hat de organisaasje besletten nei oerlis mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Dantumadiel.

Organisator Tine Dijk fan it Eethuisje yn Damwâld doarde it fanwege de strangere feiligheidseasken en de kosten net langer oan om de merk te organisearjen. De gemeente Dantumadiel is benaud dat der op keninginnedei in spontane merk ûntstiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)