Ferwûne by ûngelok Bontebok

15 mrt 2011 - 10:33

In 55-jierrige man út Langsweagen is moandei by in ûngelok yn Bontebok ferwûne rekke. Hy waard op in smel dykje yn in bocht frontaal oanriden troch in ynwenner fan Bontebok, dy't net genôch rjochts hâlde. It slachtoffer rekke troch de oanriding bekneld yn syn auto.

De brânwacht hat him derút helle. De man is mei ferwûnings oan de nekke nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)