Part Ljouwert hat wer stroom

15 mrt 2011 - 10:11
  • Foto- en fideosaak Dalsheim koe tiisdei net iepen fanwege de stroomsteuring

In part fan de wiken yn Ljouwert dy't tiisdei troffen waarden troch in stroomsteuring hat yntusken wer stroom. It giet om Camminghabuorren, Huzum en Aldlân. Tagelyk sitte noch altyd tûzenen húshâldens yn de stêd sûnder stroom. Tiisdei om kertier foar achten foelen by de Skinkeskâns twa transformatoaren út. Dêrtroch hiene 12.000 húshâldens gjin stroom mear.

Troch de stroomsteuring is GGD Fryslân tillefoanysk net te berikken. De GGD wurket wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)