Fryslân:minder skuldsanearring

14 mrt 2011 - 22:25

Rjochters hawwe yn 2010 25% mear skuldsanearrings útsprutsen as yn 2009. Yn Fryslân wie dat oantal krekt wat minder. Neffens de Ger Jaarsma fan de Kredietbank komt dat omdat sy der goed yn slagje minsken sa te helpen, dat it net foar de rjochter hoecht te kommen.

Wa't him meldt mei in skuld by de rjochtbank, moat earst besykje mei help fan de Kredietbank in oplossing te finen. As dat net slagget, docht de rjochter in útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)