Nij oerlis sealesintrum St Nyk

14 mrt 2011 - 22:03

Der komt nij oerlis oer de finansjele problemen fan it sealesintrum fan Sint Nyk. Nei de ferbouwing fan 2009 is der noch altyd in tekoart fan 80.000 euro. De riedskommisje hat it kolleezje moandei opdracht jûn om nochris mei alle partijen te besjen oft it jild earne fûn wurde kin.

As it resultaat is dat de gemeente der nochris jild ynstekke sil, moat de gemeenteried sels oanjaan wêr't dat jild weikomme moat, want it is net yn de begrutting opnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)