Wer ferlies Jong Hearrenfean

Jong Hearrenfean/Emmen koe opnij in ferlies byskriuwe. Op sportpark Skoatterwâld wie jong FC Grins mei 1-0 te sterk. Keeper Brian Vandenbussche, nei in lange blessuere wer yn de goal by de thúsploech, hie amper wat te dwaan. Yn de 65ste minút wie er kânsleas op in fan rjochting feroare frije traap fan Norair Mamedov.
Jong Hearrenfean krige amper kânsen. Der stiene alve man yn it fjild, mar in team wie it net. Jong Grins bliuwt twadde, Jong Hearrenfean is no achtste.