Gedrachskoade foar Iselmar

14 mrt 2011 - 20:17

Der komt in gedrachskoade foar de wettersport op de Iselmar. Dat hawwe fertsjintwurdigers fan oerheid, natuer en rekreaasje ôfpraat. Dat is nedich omdat de Iselmar no troch Europeeske ôfspraken beskerme wurdt. It is in Natura-2000-gebiet. Dat betsjut dat op papier stiet hoe't it lykwicht fûn wurde moat tusken natuerbehâld en alle oare aktiviteiten op it wetter.

Tsjin wettersporters dy't harren net oan de gedrachskoade hâlde, wurdt optreden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)