Boom Agency 30 jier
Boom Agency fan De Jouwer bestiet 30 jier. It boekingsburo wurket foaral mei bands út it alternative sirkwy. Sa as yn it ferline Daryll-Ann en Johan en no bygelyks Tim Knol dy't koartlyn noch in Edison wûn.
Boom Agency is Jan ten Boom, dy begûn yn de jierren 80 as manager fan de Fryske waveband De Toylets. No regelt er de optredens foar 20 Nederlânske bands.