Nije kânsen Ten Rouwelaar

14 mrt 2011 - 16:44

De eardere Jouster keeper Jelle ten Rouwelaar makket kâns op in plakje yn it Nederlânsk alvetal. Dêr is op dit stuit in fakatuere, ûnder oare troch in blessuere by de fêste keeper Maarten Stekelenburg. Ten Rouwelaar kaam earder út foar klups as Emmen en PSV en stiet no ûnder de latte by NAC.

Henk Zoetendal wie trainer op 'e Jouwer doe't Ten Rouwelaar dêr mei syn fuotbalkarriêre begûn. Hy wie ien fan de minsken dy't him advisearre om fan fjildspiler oer te stappen nei keeper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)