Goudlearbehang Do'diel opknapt

14 mrt 2011 - 12:27

In bysûnder restauraasje-putsje yn it gemeentehûs fan Dongeradiel: it goudlearbehang fan de kolleezjekeamer krijt in opknapbeurt. Dêrfoar is restaurateur Theo Sturge hielendal út it Ingelske Northampton helle.

It behang út 1750 is op guon plakken slim skansearre, der sitte skuorren yn en it is boppedat ek smoarch. Sturge tinkt dat de restauraasje al mei al goed fiif wike duorje sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)