Westerener mishannelet plysjes

De plysje hat in 33-jierrige ynwenner fan De Westereen oanhâlden fanwege mishanneling. De man soe syn 43-jierrige partner slein hawwe. Doe't de plysje him oanhâlde woe, waard de man opnij agressyf. Hy sloech in plysje yn it gesicht en by de fjochtpartij dêrnei bruts in twadde plysje in hân.
Troch pepperspray yn te setten koe de plysje de man úteinlik oanhâlde. Hy hat yn elk gefal in hûs- en omjouwingsferbod fan tsien dagen oplein krigen.