Smiley foar Nij Smellinghe

De berne-ôfdieling fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat in smiley krigen fan de stichting Kind en Ziekenhuis. In smiley is in kwaliteitskarmerk en jout oan dat in sikehûs him ûnderskiedt yn de soarch foar bern en harren âlders.
Dat betsjut bygelyks dat âlders altyd op besite kinne by har bern yn it sikehûs, dat se oernachtsje kinne by har bern en dat se derby wêze kinne at har bern ûnder narkoaze brocht wurdt.