Wer pr foar Mariska Kramer

© Omrop Fryslân
De Drachtster atlete Mariska Kramer is snein fyfde wurden by de heale maraton fan Den Haach, de City Pier City. Kramer kaam yn it ynternasjonale topfjild as earste Nederlânske oer de einstreek. Se sette in tiid del fan 1.14,24, har twadde persoanlike rekord yn in moanne tiid.
Kramer hie sels hope op in noch rappere tiid, mar hie lêst fan de wyn. Op 25 april docht Mariske Kramer mei oan de maraton fan Utrecht.