Jonge yn tunnel oerfallen

13 mrt 2011 - 13:18

In jonge (16) út Drachten is sneontenacht yn Koartehimmen oerfallen. Hy fytste nachts troch de tunnel ûnder de grutte dyk troch, doe't er troch twa manlju oanfallen waard. Ien fan har pakte him fêst en sloech de jonge. Hy waard twongen om syn jild oer te jaan. Doe't der in auto oankaam, hâlden de oerfallers op en naaiden rinnende út.

De plysje freget de ynsittenden fan de auto oft se har melde wolle. Mooglik kinne se ynformaasje jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)