Plysje achterfolget frou

De plysje hat it sneontenacht drok hân om in frou (41) út Visvliet oan te hâlden. De plysje wie tipt dat in auto yn Boerum nuver ried. Doe't de plysje har in stopteken joech, ried se troch nei Grijpskerk. Dêr die se de ljochten fan de auto út en besocht se de plysje kwyt te reitsjen. By de achterfolging ûntstiene gefaarlike situaasjes. Se ried op de linkerkant fan de dyk.
Yn Bûtenpost waard se oan de kant set. Se woe ûntsnappe, mei pepperspray is se oppakt. Se is fêstset op it buro.