Snitser pakt foar mishanneling

De plysje hat sneontenacht yn Snits in man (21) út dat plak oanhâlden foar swiere mishanneling. De man soe yn in kafee oan de Kleine Kerkstrjitte in man (20) út Drylts mei in glês yn it gesicht stutsen ha.
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De fertochte is meinaam nei it buro. De plysje siket noch út wat de oanlieding fan de mishanneling west hat.