Hearrenfean lyk tsjin Vitesse

12 mrt 2011 - 22:50
  • Trener Ron Jans

SC Hearrenfean hat sneontejûn de útwestryd tsjin Vitesse mei 1-1 lyk spile. Yn in matige wedstryd kamen de Arnhemmers yn de 43ste minút fan de earste helte op in 1-0 foarsprong troch in kopbal fan Riverola.

It slagge SC Hearrenfean yn it earste diel fan de twadde helte net om Vitesse ûnder druk te setten. Mar yn it lêste kertier setten de mannen fan trainer Ron Jans noch even oan. En dat resultearre yn de 87ste minút yn de lykmakker fan Daryl Janmaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)