Follybalfroulju Snits ferlieze

12 mrt 2011 - 22:12
  • (argyffoto sportfotograaf Hijlkema)

De follybalfroulju fan Snits hawwe de earste wedstryd yn de kwartfinale fan de play offs kânsleas mei 3-0 ferlern fan Weert, de nûmer twa fan de reguliere kompetysje. Snits einige de kompetysje op it sânde plak. De setstannen wiene 25-17, 25-21 en 25-18.

Takom sneon wurdt de return spile yn Snits. Snits moat dan winne om der in tredde duel út te slepen. Wa't it earst twa duels wint giet troch nei de heale finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)