Oprêden bommen is slagge

(argyffoto)
De EOD hat sneon twa brânbommen oprêden by de fleanbasis yn Ljouwert. De bommen hoege net op it terrein fan de fleanbasis sels ta ûntploffing brocht te wurden. Se waarden ûntdutsen by grûnûndersyk yn ferbân mei de oanlis fan in nij drainaazjesysteem.
It opromjen wie net maklik. De bommen leine mear as seis meter ûnder de grûn, wylst de EOD rekken hâlden hie mei 2,5 meter. By de aksje wiene guon diken en terreinen ôfset. Der hat gjin gefaar foar de omjouwing west.