Harkemase Boys ferlieze

12 mrt 2011 - 16:47

Harkemase Boys hat sneon op 'e nij in wedstriid yn de topklasse ferlern. Yn en tsjin Barendrecht waard it 1-0 foar de ploech út Súd-Hollân. De lêste wedstriid dy't de Boys yn de topklasse wûnen, wie 22 jannewaris dit jier.

De einstân waard al foar rêst berikt troch in ôfstânskot, dat trochlitten waard nei in blunder fan keeper Jacob de Vries. Yn de slotfaze hie Arjen Bergsma noch in goeie kâns, mar syn skot waard keard troch de keeper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)