Nijbouplannen foar Polem

12 mrt 2011 - 14:36

Silobouwer Polem fan De Lemmer hat goed ien moanne nei de grutte brân al plannen foar nijbou. De brân fan begjin febrewaris hat grutte skea oanrjochte. De direksje fan Polem hat in konkreet plan foar de bou fan nije produksjeloadsen foar silo's. De gemeente Lemsterlân stiet hjir posityf tsjinoer. Oft de bou ek trochgiet hinget foar in grut part ôf fan de fersekerder.

De direksje hopet de nije loadsen noch dit jier yn gebrûk te nimmmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)