Avanti jout koprinner klop

De sealfuotballer fan Avanti ha freed in prima prestaasje delset troch mei 9-3 fan koprinner De Hommel te winnen. Al yn de earste helte krige de ferrassing stal doe't de Fryske klup in 3-1 foarsprong helle. Fuort nei rêst kaam Avanti op 4-1 sadat De Hommel mei in meifuotballende keeper mear druk jaan woe. Dit levere wol doelpunten op, mar foar Avanti, it rûn út nei 9-3.
Avanti stiet 6e en docht folop mei foar plakken yn de play-offs.