Nije ipen wurde plante

De Iepenwacht begjint meikoarten mei it werplantsjen fan ipen dy't kapt binne om't se siik wiene. It giet om beammen fan partikulieren dy't oanjûn hawwe dat se har fuorthelle beam ferfange wolle. De Iepenwacht docht dat mei beammen dy't resistint binne tsjin de ypsykte.
De earste beam wurdt op 24 maart plante yn Hinnaard. Dat wurdt dien troch deputearre Hans Konst en wethâlder Froukje Hernamdt fan Littenseradiel.