Jonge (9) lestich fallen

Trije jonges hawwe woansdei om seis oere jûns hinne in jonge fan 9 fan syn fyts treaun. Hy krige op de Oranje Nassaulaan op It Hearrenfean ûnder it fiadukt fan de A32 pech mei syn fyts. Trije jonges dy't delfytsten begûnen him lestich te fallen.
De jonge waard sa hurd treaun dat hy foel en op syn fyts bedarre. Hy is dêrtroch licht ferwûne rekke. De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't wat sjoen ha.