Lieuwe Westra 6e yn tiidrit

11 mrt 2011 - 17:48

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is freed as 6e einige yn in yndividuele tiidrit yn Parijs-Nice. Westra moast 57 tellen tajaan op de winner, de Dútser Tony Martin. De Brit Bradley Wiggings waard twadde en Richie Porte út Austraalje einige as tredde.

De tiidrit yn de Frânske rittenkoers gie oer 27 kilometer. Westra stie yn it tuskenklassemint lange tiid boppe oan, mar de oare fytsers wiene rapper yn de slotkilometers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)