Froulju meitsje bou goedkeaper

11 mrt 2011 - 16:59
  • Foto: Omrop Fryslân

As mear froulju yn 'e bou wurkje, wurde de huzen goedkeaper. Froulju binne krekter as manlju en dat kin jild besparje. Dat sei in groep froulju dy't wurkje yn 'e bousektor freed op in gearkomste yn it WTC-Expo. Dêr waard praat oer hoe't mear froulju yn 'e bou oan 'e slach kinne.

Froulju en manlju wiene it deroer iens dat op it stuit fierste min froulju yn 'e bou wurkje. In oplossing foar it probleem is noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)