Twadde goud foar Ireen Wüst

Ireen Wüst (argyffoto)
Ireen Wüst fan It Hearrenfean is nei de 3000 meter ek wrâldkampioen wurden op de 1500 meter. It poadium kleure folslein Oranje, want achter Wüst einigen Diane Valkenburg en Jorien Voorhuis op it twadde en tredde plak.
Wüst wie oppermachtich op de 1500 meter en riedt 1.54,80. Valkenburg wie hast twa sekonden stadiger mei 1.56,27. Medaljekandidaat Marrit Leenstra heakke siik ôf foar de ôfstân. Miskien moat se sneon ek de 1000 meter sjitte litte.