Militêr oppakt nei ûngelok

In 24-jierrige militêr út Achtkarspelen is oanhâlden troch de Keninklike Maresjesee om't er nei in ûngelok útnaaid is. De man kaam freedtemoarn op de A28 benoarden Assen yn botsing mei in frachtwein. De militêr liet dêrnei de auto stean en rûn fuort.
De fertochte is oanhâlden yn in kazerne. De Brigade Drenthe-IJsselstrekke fan de maresjesee docht ûndersyk nei it gefal.