Jans hâldt fêst oan selde alve

11 mrt 2011 - 14:10
  • Ron Jans (foto: Omrop Fryslân)

Ron Jans sil syn alvetal tsjin Vitesse net wizige. Nei it ûngelokkige ferlies tsjin Feyenoord, alwer it tredde ferlies op rige, wie de trainer fan Hearrenfean tefreden oer it fertoande spul. Jans hopet dat syn ploech dy line trochlûke kin tsjin Vitesse.

Op ien punt moat der wol ferbettering komme: it skoare. Dêr is dizze wike ekstra op traind. Jans kin beskikke oer in folslein fitte seleksje. Ek Brian Vandenbussche is fit. Hy makket moandei syn rentree by de beloften.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)