Boargernet-oprop foar AED
Yn de Súdwesthoeke komt in proef mei oproppen op Boargernet fan minsken dy't in AED betsjinje kinne. De proef begjint yn april en sil in healjier duorje. Doel is dat der in tûzen minsken oan meidogge en dat de helpferliening by in hertstilstân flotter giet.
As de proef goed útpakt, wurdt it systeem mooglik ek op oare plakken ynfierd. De AED wurdt ek wol defibrilator neamd.