Partnerstêd Snits net troffen

Stuwdaam by Kurobe
De Japanske partnerstêd Kurobe fan Snits is net troffen troch de grutte ierdbeving yn it lân. Dat seit boargemaster Apotheker fan de nije gemeente Súdwest-Fryslân dêr't Snits no ûnder falt. Apotheker wie foar de gemeentefúzje boargemaster fan Snits en hie sadwaande ek kontakten yn Japan.
Apotheker gie fuortendaliks doe't er it nijs hearde op ûndersyk nei de situaasje yn Kurobe. Hy is ferromme dat de stêd sparre bleaun is.