Soarch oer ierdbeving Japan

De ierdbeving yn Japan wurdt troch in soad Friezen mei soarch en noed folge. It lân waard freedtemoarn troffen troch in tige swiere ierdbeving fan 8.9 op de skaal fan Richter. Dat hie in floedgolf fan gefolgen dy't alles meisleepte dat op syn paad kaam. Der binne in soad slachtoffers. Der kinne noch tsunamy's yn oare lannen folgje.
De soan fan Rambonnet fan 'e Fryske plysje wennet yn Japan. Mei him giet it goed. Klaas Dijkstra fan Fryske Peallen is der ek goed foarwei kaam.