Natuerplan Skiermûntseach

Foto: Omrop Fryslân
It is noch folslein ûndúdlik hoe't in grut plan om de natuer op Skiermûntseach te behâlden en sels te ferbetterjen betelle wurde moat. It behear- en ynrjochtingsplan is tongersdei oan 'e eilanner befolking presintearre.
Tusken no en 2012 moat in soad barre op it eilân. Sa moatte bisten útset wurde dy't rûchte opfrette en moat mooglik de stodyk oan de Noardseekant trochstutsen wurde. Wa't dêr foar betelje moat, is noch ûndúdlik.