Marrit Leenstra start net

Marrit Leenstra (www.sportfoto.nl)
Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel start freed net op de 1500 meter by it WK ôfstannen yn Inzell. Se hat har siikmeld by bûnscoach Wopke de Vegt. Leenstra wie ien foar de favoriten foar in medaille op 'e ôfstân. Yn de lêste wiken pakte se by wrâldbekerwedstriden op de 1500 m goud en sulver. Leenstra hie dan ek hege ferwachtings foar dit wykein.
Ireen Wüst is no de grutte favorite tegearre mei de Kanadese Christine Nesbitt. Wüst wûn tongersdei de 3000 m.