Mishannelers herkend en oppakt

11 mrt 2011 - 10:42

De plysje fertinkt twa ynwenners fan Ljouwert fan mishanneling fan in 27-jierrige plakgenoat. Dy soe troch de twa slein wêze by in rûzje op it Ruterskertier yn de Fryske haadstêd. De fertochten naaiden dêrnei út. Se waarden letter herkend op bylden fan befeiligingskamera's fan 'e plysje.

De twa binne foar fierder ûndersyk fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)