Transport feilich oankaam

11 mrt 2011 - 07:47

It transport fan in rustfrijstielen ynstallaasje fan mear as tritich meter lang fan Ljouwert nei Dútslân is sûnder grutte problemen ferrûn. It transport begûn woansdeitejûn by de FIB, dy't de ynstallaasje makke hat. De einbestimming, in fabryk yn Krefeld dy't de ynstallaasje brûke sil, waard tongesdeitenacht om twa oere berikt.

Underweis moasten ûnder oare stikken sneldyk ôfset wurde, boppedat mocht der allinne op rêstige mominten riden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)