Enkête yn Menameradiel

11 mrt 2011 - 07:38

Ynwenners fan Menameradiel meie har oardiel jaan oer de leefberens yn har gemeente. Dat oardiel wurdt har frege yn in enkête, dy't de gemeente tegearre mei de wenningstichting Wonen Noordwest Friesland organisearret. De wenningstichting hold earder al leefberensenkêtes yn Frjentsjerteradiel en it Bilt.

De enkête yn Menameradiel wurdt de kommende moannen hâlden en yn july moatte dan de resultaten bekend wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)