Goud foar Ireen Wüst op 3000 m

10 mrt 2011 - 22:27

Ireen Wüst fan It Hearrenfean is tongersdei wrâldkampioen wurden op de 3 kilometer by it WK ôfstannen yn Inzell. Mei in tiid fan 4.01.56 bleau se de Tsjechyske favorite Martina Sablikova in heale sekonde foar.

Wüst sette sa as gewoanlik hiel hurd útein en einige mei rûntsjes yn de 32 sekonden. Sablikove boude har race krekt oarsom op. Se makke yn de lêste twa rûnten 2.7 sekonden goed op Wüst. Mar it wie net genôch. Neffens Wüst is it WK foar har no al slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)