Follybalfroulju Snits winne

10 mrt 2011 - 22:04

De follybalfroulju fan Snits hawwe in moaie stap set opwei nei de finale fan de nasjonale beker. Yn de eigen sporthal waard tongerdeitejûn yn de heale finale met 3-1 wûn fan TFM/DOK út Dwingeloo/Diever. De setstannen wiene 25-18, 20-25, 25-23 en 25-22.

Yn in frijwat rommelige pot follybal wienen de froulju fan Snits de bettere ploech. Mar echt maklik gie it net. De return tsjin TFM/DOK, dat krekt as Snits útkomt yn de A-League, is takom wike tongersdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)