Waddenfederatie hâldt op

10 mrt 2011 - 16:21
  • De Waadsee by it ûndergean fan de sinne

De Waddenfederatie, dêr't de VVV's op de waadeilannen yn gearwurkje, hâldt op te bestean. De federaasje wie oprjochten om de waadeilannen goed yn de merk te setten, mar sûnt yn 2009 Texel en begjin dit jier Amelân der út stapte hie de stichting eins gjin besteansrjocht mear. De marketingmanager dy't yn tsjinst wie is per 1 maart ophâlden en dêrmei binne eins alle aktiviteiten stillein. De VVV's fan de waadeilannen wolle lykwols wol graach mei elkoar fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)