Gjin akkoart Romein Beton

De fakbûnen en de direksje fan Romein Beton op De Gordyk hawwe gjin oerienstemming berikke kind oer it sosjaal plan. It giet dan foaral om de saneamde 'schadeloosstelling'. Neffens fakbûn FNV rinne meiwurkers fan Romein tusken de 8000 en 15.000 euro mis mei it foarstel fan de direksje.
De leden meie har hjir nije wike woansdei oer útsprekke. It fakbûn slút aksjes net út. De festiging fan Romein Beton op De Gordyk giet op 1 july ticht, de 19 wurknimmers krije dien.