Ryk antwurdt Keamer yn Frysk

Woansdei wie der in unyk barren yn de Twadde Keamer. Twadde Keamerlid Lutz Jacobi stelde fragen yn it Frysk en steatssekretaris Halbe Zijlstra beantwurde dy ek yn it Frysk. It bart wol faker dat der keamerfragen yn it Frysk steld wurde, mar dat der ek yn it Frysk antwurd komt is unyk.
Jacobi hie de fragen yn it Frysk steld om't de fraach en oer de taal gie. Se wie ferrast dat der yn it Frysk antwurd kaam, mar wie net te sprekken oer de ynhâld fan de antwurden.