Guijt werom, V/d Laan skorst

10 mrt 2011 - 13:13

SC Cambuur kin freedtejûn tsjin Almere City wer beskikke oer Danny Guijt. De middenfjilder komt werom fan in skorsing fan twa wedstriden. Oan de oare kant misse de Ljouwerters linksback Martijn van der Laan, dy't ôfrûne moandei tsjin Telstar read krige. Hy moat ien wedstriid op de tribune sitte.

Paul Beekmans (hamstring), Alexander Prent (ankel) en Reza Ghoochannejhad (knibbel) binne licht blessearre. Sy kinne nei alle gedachten wol spylje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)