Noch mear skea diken D'diel

It achterstallich ûnderhâld oan de diken yn Dongeradiel is noch grutter wurden troch de froast fan de ôfrûne winter. De gemeente is tusken de fjouwer en fiif ton kwyt om alle skea oan de diken te ferhelpen.
Twa jier lyn hat de ried in soad jild útlutsen foar it opknappen fan de diken. Mar dat is net genôch om alles bliuwend by de tiid te hâlden. De froast fan de ôfrûne winter hat de situaasje allinnich noch mar slimmer makke.